20081222 Omropfryslan

Uit Wikimedia
Naar navigatie springen Naar zoeken springen
Deze tekst of dit mediabestand is op deze website geplaatst met een beroep op het citaatrecht, en heeft tot doel de geschiedenis van de Wikimedia projecten vast te leggen. Zie ook het mediabeleid.

This image or other media file refers to the quotation law (citaatrecht) in The Netherlands and Belgium. This is not the same as fair use, but probably it can be placed under this license in the United States and other countries with a fair use policy.

Bron: http://www1.omropfryslan.nl/Mear_Nijs_54737.aspx?R=A011478

Fryske Wiki: 10.000 artikels

22-12-2008 | 12:55

De Fryske Wikipedy, de Frysktalige ferzje fan ynternet-ensyklopedy Wikipedia, hat sûnt moandei mear as 10.000 artikels. Side 10.000 wie de side oer de Schotanusatlas, de atlas fan Fryslân fan om 1700 hinne.

De Fryske ynternet-ensyklopedy is oanmakke op 2 septimber 2002. Hast twa jier letter, 6 juny 2004 waard de tûzenste side skreaun, oer de Fryske flagge en no is de 10.000ste der. De Nederlânsktalige Wikipedia hat 500.000 artikels, de Ingelske 2,6 miljoen. De Fryske Wikipedia hat wol al mear artikels as de Ensyklopedy fan Fryslân, want dy hat der sa'n 7.500 artikels. De ynhâld fan Wikipedia wurdt net skreaun troch betelle skriuwers, mar troch eltsenien dy't op it webstee komt. De ensyklopedy hat in wiid ferskaat fan artikels, fan skiednis en wittenskip oant skûtsjes en wetternammen.

Omdat eltsenien dy siden wizigje kin, waakse de measte stadichoan grutter, en wurde hja hieltiid oanpast oan nije ûntwikkelings. De Wikipedy hat sa'n 250 taalferzjes. Mei-inoar hawwe al dizze ferzjes mear as tsien miljoen artikels.