Naar inhoud springen

Sjabloon:Linkerkolom/fy

Uit Wikimedia

Oer de Feriening Wikimedia Nederlân

De Feriening Wikimedia Nederlân hat ta doel om frije en/of frij tagonklik ynformaasje yn eltse foarm te sammeljen en te ûntsluten, fêst te lizzen en te befoarderjen.* Dêrby wurdt nei gearwurke mei de frijwilligers fan de Wikimediaprojekten en de Wikimedia Foundation. Ek wurde ferskate aktiviteiten ûndernommen en organisearre.

Oer de Wikimedia Foundation

De Wikimedia Foundation is in Amerikaanske not-for-profit corporation (organisaasje sûnder winsteachmerk) dy't ta doel hat eltsenien frije ynformaasje beskikber te stellen. De Foundation wurket hjiroan troch it ûnderhâlden, ûntwikkeljen en fersprieden fan frije ynformaasje. De Wikimedia Foundation is ôfhanklik fan giften om de projekten betelje te kinnen. De Feriening Wikimedia Nederlân is troch de Foundation by resolúsje erkend as chapter op snein 24 septimber 2006.

Oer de wiki's fan de Wikimedia Foundation

Troch de servers en it netwurk fan de Wikimedia Foundation kinne tûzenen minsken wurkje oan de wiki's ('projekten') fan de Foundation: Wikipedy, de frije ensyklopedy, Wikiwurdboek, Wikiquote, Wikibooks, Wikiversity, Wikinews, Wikisource, Wikispecies en Wikimedia Commons. De ynformaasje op dizze siden is gratis beskikber foar it publyk en foaral: frij te bewurkjen en te fersprieden troch eltsenien.